LEADER (lokale initiatieven)

Europeesk subsydzjeprogramma iepen foar oanfragen

Fan 27 maart oant ‘e mei 5 maaie 2018 kinne inisjatyfnimmers fan projekten yn Noardwest- en Noardeast-Fryslân subsydzje oanfreegje út it Europeeske LEADER-budzjet. Oant ‘e mei 2018 is der foar de beide gebieten ûngefear € 4.3 miljoen subsydzje beskikber. LEADER is in Europeesk programma dat de regionale ûntjouwing stimulearret.

Leefberens en ekonomy fuortsterkje

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, moat in projekt oanslúte by de lokale LEADER-fisy. Dizze fisy is troch it gebiet opsteld. Yn beide gebieden wurdt ynsetten op tema’s dy’t de leefberens en de ekonomyske fearkrêft fuortsterkje. Tink dêrby oan projekten dy’t doarpen stypje mear selsfoarsjennend te wurden. Of oan inisjativen dy’t foarmen fan tradisjonele en digitale bedriuwichheid mei mekoar ferbine. Sa kin wurkgelegenheid kreëard wurde en kinne jongerein oan de regio ferbûn wurde. De regio Noardwest beslacht de gemeenten Harlingen, Franekeradeel, het Bildt, Menameradiel, Littenseradiel, Leeuwarderadeel  en Leeuwarden. Yn Noardeast-Fryslân kinne inisjatyfnimmers fan projekten yn de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradeel, Kollumerland c.a. Ferwerderadiel en Tytsjerksteradiel in berop dwaan op de regeling.

Help by it opsetten fan in project en it oanfreegjen subsydzje

De útfiering fan it LEADER-programma wurdt stipe troch de lokale aksjegroep (LAG). Dizze fertsjintwurdigers út de streek helpe by it oanjeien fan inisjativen dy’t de leefberens fan de regio stypje. Sy bringe inisjatyfnimmers fan projekten mei elkoar yn kontakt. Dêrneist advisearje sy oer it takennen fan de Europeeske en provinsjale subsydzjes op dat mêd. De LAG wurdt dêrby stipe troch meiwurkers fan it projektburo fan Streekwurk yn Frjentsjer en it Streekhûsyn Burgum. Inisjatyfnimmers fan projekten kinne ek by dy kantoaren terjochte foar it besprekken fan subsydzjemooglikheden.

Ynformaasje oer de lokale LEADER-fisy, de LAG en de subsydzjeregeling is te finen op: www.streekwurk.frl/leader.